Yn Longerhou dêr wennet in faam,
dy't opnimt tsjin de sinne
Want nea noch seach ik eagen sa klear,
as by dy faam allinne
Dy faam sa kreas, dy faam sa kein,
dy swar ik ivich trou,
Want nea noch seach ik eagen sa klear,
as by Sjouk fan Longerhou
It ljocht, de wyn, de blommen har geur,
dy bin' oan har besibbe
O, fûgels bring myn wurden har oer,
hja is myn doel yn 't libben
Dy faam sa kreas, dy faam sa kein,
dy swar ik ivich trou,
Want nea noch seach ik eagen sa klear,
as by Sjouk fan Longerhou
In spylman biedt jim net folle oars,
as lûden dy't fersilje
Mar ik krij myn kâns as 'k aanst yn it doarp
oan har doar fol ferwachting skilje
Dy faam sa kreas, dy faam sa kein,
dy swar ik ivich trou,
Want nea noch seach ik eagen sa klear,
as by Sjouk fan Longerhou