Willehúske - Swalkje Troch Ljouwert Songtexte

De Prinsetún yn Ljouwert, we sitte drinke bier
We reitsje smoar besopen, mar we hawwe in soard fertier
We folgje dan ús tinzen en rinne nei de stêd
We sykje wat te fretten, want we bin noch lang net sêd

Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee
Langs Griene Wei en Aldehou, nei Nijstêd, V&D
Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee
Ik haw gjin sint om hannen, mar ik sjong oladiee

Ik rin dan oer it Saailân, troch Doelesteech werom
Ik sjoch nei foarbygongers, se sjogge net nei my om
Ik gean dan nei de Foarstreek, dêr stel ik dan in brea
Sûnder kin ik net leve want dan wie ik al lang dea

Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee
Langs Griene Wei en Aldehou, nei Nijstêd, V&D
Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee
Ik haw gjin sint om hannen, mar ik sjong oladiee

Ik rin nei it stasjon ta, lâns it grut kapitaal
Ik ha der neat sykjen want wy bin a-sosjaal
As ik der dan bin, dan gean ik wer werom
Foar in kaartsje ha 'k gjin jild, dus ik mei net op 't perron

Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee
Langs Griene Wei en Aldehou, nei Nijstêd, V&D
Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee
Ik haw gjin sint om hannen, mar ik sjong oladiee
Dieser text wurde 349 mal gelesen.