Willehúske - De Ko Fan Sonnema Songtexte

Boer Sonnema fan Dokkum dy gie ris nei de merke
Hy kocht in beste ko, in beste ko fan Sterke Jerke
It wie in aardich bistke, it stie fier op 'e skonken
De keap dy waard doe sletten en waard yn 't kafee beklonken

Moast ris sjen, dab be doe dab be da
De ko fan Sonnema
De ko fan Sonnema hat bearenburch yn 't jaar

Hja namen gâns wat neutsjes en it waard ek aardich letter
De geastelike tastân fan de man waard ek net better
Hja hiene amper weet fan har bestean op dizze ierde
De fantasij en wierheid koe 'hja net mear ûnderskiede

Moast ris sjen, dab be doe dab be da
De ko fan Sonnema
De ko fan Sonnema hat bearenburch yn 't jaar

Doe't Sonnema op hús oangie doe wie it al aardich tsjuster
It paad nei 't boerespultsje wie der ek al aardich bjuster
Mar hy hie sa'n goede keap dien dat de mist koe him net deare
Hy wreau him yn de hannen ach wat soe it wiif aanst beare

Moast ris sjen, dab be doe dab be da
De ko fan Sonnema
De ko fan Sonnema hat bearenburch yn 't jaar

Mar it wiif dat skeat de jas oan en se rûn de boer temjitte
Se fûn him yn 'e daam by 't boerespul fan âlde Tjitte
Dêr lei er wat te balten mei it antlit nei de wolken
Hy song myn ko jout bearenburch ynstee fan fette molke
Dieser text wurde 338 mal gelesen.